Ôfslúting fan it project 'de steen en de tijd'

  • 14 december 2020
131474639 1506359536227704 4302360919908682329 n

As ôfslúting fan it projekt ‘De steen en de tijd’ wiene Jan en Beitske op skoalle. Se woene graach sjen wat de bern fan groep 2 en 3 leard en dien hawwe. Se hawwe ferteld wat se as archeolooch allegear opgroeven hawwe, de ferskillende ûndersyksfragen oer fossielen én de antwurden fan archeolooch Piet, it libben yn de tiid fan de ridders en jonkfroulju, de ûntdekking fan it fjoer troch de tiid, it helpen fan de freon fan Jan troch moaie húzen te tekenjen én net te ferjitten it betinken wat ‘duurzaam’ is en wat it betsjut. De ideeën koene brûkt wurde by it duorsum meitsjen fan it kastiel fan Sint en Piet yn Spanje!
Jan en Beitske fûnen it geweldich en wiene ûnder de yndruk fan wat de bern allegear leard hawwe. Klear foar de takomst, sizze Jan en Beitske!