- 23 maart 2021

Foarjier op SBS ‘De Romte’!
Mei it moaie útsicht fanút ús moaie skoalle sjogge wy it foarjier oankommen ????
De skiep rinne yn it lân en de foarjiersblommen stean yn de skoaltún. Tiid foar ûndersyk!
Wat foar blommen groeie en bloeie der no? Wat binne de nammen yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk? Hoe sjocht in blombol der út? Samar in pear fragen... dernei op syk nei de antwurden!
Ek fûnen de bern in nêst yn de flinterstrúk mei bisûndere fearkes deryn... fan welke fûgel soe dat no wêze? Letter mear!